FNV yn aksje tsjin Qbuzz

19 apr 2010 - 13:35

It fakbûn FNV Bondgenoten stapt nei de rjochter fanwege de salarissen fan de sjauffeurs fan busferfierder QBuzz. It giet om de leanen fan tsientallen útstjoerkrêften dy't yn Noardeast-Fryslân wurkje. Neffens it fakbûn wol Qbuzz de sjauffeurs koartsje op har lean om't se ûnder it minne winterwaar guon dagen net ride koene.

Busferfierder Qbuzz is him fan gjin kwea bewust. Neffens Qbuzz is it bedriuw net ferplichte om de leanen út te beteljen as der net wurke is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)