Skoalbern kinne net nei Finlân

Skoalgebou yn it Finske Nakkila
Grutte pech foar bern fan groep 8 fan basisskoalle De Bron yn Dokkum. Se soene moandeitemoarn mei it fleantúch nei Finlân om dêr nei in skoalle yn Nakkila te gean. In plak oan de súdwest-kust fan Finlân. Al twa jier ha de bern wachte en har taret op de útwikseling mei Finske bern.
De reis kin net trochgean fanwege it fleanferbod dat yn in grut part fan Europa jildt. Mooglik kin it reiske nei Finlân oer in pear wike wol trochgean.