Pianiste út Aldtsjerk tredde

It is de 16-jierrige Valentina Tóth út Aldsjerk net slagge om it Steinway Pianokonkoers yn Amsterdam te winnen. It pianotalint waard tredde. It konkoers is wûn troch Ghil Bae (15) út Voorburg. Dy giet no yn Hamburg nei it Ynternasjonale Steinway Festival.
It Steinway Pianokonkoers wurdt ien kear yn de twa jier hâlden en hat in goeie namme yn it ynternasjonale sirkwy. Tóth hat earder wol The Netherlands American Trust Fund en it Prinses Christina Concours wûn.