Weening sit fêst yn Spanje

18 apr 2010 - 18:09

Pieter_Weening sit op treningskamp yn Spanje. As de fleantugen net fleane fanwege de Yslânske jiskewolk kin er nei alle gedachten woansdei net meidwaan oan de Waalse Pijl.

Dy wedstriid yn België sjocht de hurdfytser fan De Harkema as tarieding op de Giro D'Italia. Dy sil er foar it earst ride. De ronde begjint yn Nederlân yn Amsterdam op 8 maaie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)