Drachtster mei drugs pakt
Op de Berchleane yn Drachten is yn de nacht fan sneon op snein in 39-jierrige Drachster oanhâlden mei harddrugs. De plysje hie in tip krigen dat út in auto wei deald waard oan dy strjitte.
Doe't de aginten de man kontrolearren, die bliken dat er harddrugs by him hie. De drugs is yn beslach nommen. De man moast de sel yn.