Mishannele mei honkbalknuppel

18 apr 2010 - 14:44

Yn Wolvegea binne sneontenacht trije mannen oanhâlden foar mishanneling mei in honkbalknuppel. De trije fan 19, 22 en 27 jier hearden by in groep dy't it foarsjoen hie op in plakgenoat (23). It slachtoffer die oanjefte. De plysje koe nei ûndersyk dizze trije oanhâlde.

In Snitser (18) is sneintemoarn betiid oanhâlden foar mishanneling. Hy soe in plakgenoat (28) yninoar slein ha. De jonge wie earst útnaaid. Oan de hân fan tsjûgeferklearings waard er fûn. Hy moast nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)