Skuorre Offenwier ôfbaarnd

18 apr 2010 - 14:40

In skuorre yn Offenwier is sneontenacht ôfbaarnd. It hûs neist de skuorre oan de Fiifgeawei koe behâlden wurde. De bewenners waarden wekker en koene op tiid ûntkomme.

De brânwacht wie der gau by en koe foarkomme dat it fjoer nei de wenning oersloech. Der is wol in soad reek- en wetterskea yn hûs. De plysje ûndersiket de brân. De oarsaak is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)