Undersyk nei ûngelok Ljouwert

18 apr 2010 - 14:12

De plysje ûndersiket in ûngelok yn Ljouwert. Sneontejûn waard in Ljouwerter (23) automobilist op it Frijheidsplein oanriden. De feroarsaakster ried troch en botste letter tsjin in ferkearsheuvel op de Grinzerstrjitwei. De auto rekke swier skansearre en koe net mear ride.

De oanriden Ljouwerter wie der achter stien gien om de skea te regeljen. Nei in koart petear mei de bestjoerster, gie se fuort. Mooglik hat se gjin rydbewiis. De plysje siket it út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)