Kuiper net by ôfskied spilers

Yme Kuiper
Yme_Kuiper fan SC Hearrenfean is snein net oanwêzich yn it Abe Lenstra stadion. De direkteur siet foar in kursus yn it Spaanske Malaga en kin fanwegen de jiskewolk net fleane. Kuiper reizget no mei in bus fia Barcelona nei hûs en wurdt pas sneintejûn let thús ferwachte.
Kuiper mist hjirtroch it ôfskied fan Sibon, Losada, Dingsdag, Smárason en trainer Jan Everse. Fan har wurdt nei ôfrin fan de wedstryd tsjin NAC Breda ôfskied naam.