Plysje hâldt eksekúsje-aksje

De plysje hat sneon by in saneamde eksekúsje-aksje hâlden. Sa'n minsken fan plysje en justysje besochten 134 adressen. De minsken dy't opsocht waarden moatte noch in boete betelje of in straf útsitte.
Der is 6500 euro ynhelle en 14 minsken krigen it fonnis om't se by ferstek feroardield waarden.Mei elkoar binne 25 minsken oanhâlden om't se de boete net betelje koenen of om't se noch sitte moasten. Trije betellen de boete, de oare 22 binne fêstset.