Duorsume parkearautomaten

(argyffoto)
De gemeente Hearrenfean nimt moandei de earste fan tritich nije parkearautomaten yn gebrûk dy't op sinne-enerzjy wurkje. Mei de oanskaf fan de automaten wol de gemeente in bydrage leverje oan it heljen fan de millennium-doelstellingen.
Dat binne doelen dy't yn 2000 steld binne om de wrâld te ferbetterjen, troch folle mear rekken te hâlden mei it miljeu. Gemeenten moatte dêrby ûnder oare duorsum saken dwaan.