Gjin wrâldtitel Buijtendijk

18 apr 2010 - 01:36

Lena Buijtendijk fan It Hearrenfean is der net yn slagge om de wrâldtitel Kickboks-MMA te beheljen. Yn Drachten wie Rachida Hilali fan Topteam Beverwijk de sterkste. It wie foar it earst dat om dizze titel striden waard. It giet om in kombinaasje fan freefight yn in koai mei kickboksregels.

Buijtendijk ferlear har partij op punten en dêr wie sy it net mei iens. Mei har trainer Frugte sil se yn berop tsjin de sjuerybeslissing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)