Koaigefjocht yn Drachten

18 apr 2010 - 01:23

Foar it earst sûnt 1997 is der sneon yn Nederlân in koaigefjocht organisearre. Yn sportsintrum De Splitting kamen sa'n 800 taskôgers te sjen nei it freefightevenemint. De organisaasje hie de regels sa oanpast, dat de gemeente Smellingerlân no wol in fergunning joech. Sa wie slaan op 'e holle net tastien.

Der stiene 21 partijen op it programma. Op wat blauwe eagen nei binne de fjochtpartijen sûnder opfallende ferwûnings ferrûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)