Harkemase Boys topklasser

17 apr 2010 - 20:57

Harkemase Boys is trije wedstriden foar de ein fan de kompetysje yn de haadklasse wis fan in plak yn de nije topklasse. De ploech fan trainer Henk de Jong wûn sneontejûn mei 3-1 fan Be Quick '28. Op Sportpark de Bosk sette Martijn Barto de thúsploech yn in rommelige earste helte op foarsprong.

Oebele Schokker skeat nei de tee hiel hurd de 2-0 tsjin de touwen. Nei de 2-1 brocht opnij Oebele Schokker, no út in stafskop, de einstân op 3-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)