Oanpak befolkingskrimp djoer

Deputearre Hans Konst (foto: Omrop Fryslân)
Der is tusken de 30 en de 50 miljoen euro yn 't jier nedich om de krimp op it Fryske plattelân te kearen. Dat seit deputearre Hans Konst yn de Omrop Fryslân-dokumintêre Doarp te Keap.
Yn Noardeast-Fryslân binne de gefolgen fan 'e befolkingskrimp al dúdlik te sjen. Huzen stean leech, winkels en skoallen gean ticht. Om de doarpen leefber te hâlden sil yn de takomst bot ynvestearre wurde moatte. Neffens de provinsje giet it om hûnderten miljoenen euro's.