Frjentsjerter pakt mei drugs

17 apr 2010 - 14:20

De plysje hat freedtejûn op it Fliet yn Frjentsjer in 25-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden op fertinking fan it by him hawwen fan harddrugs. Plysjes op de fyts seagen de fertochte fytsen sûnder ljocht. Pas nei trije kear roppen stapte de man ôf en goaide tagelyk wat fuort. Yn de grêft fûnen de plysjes fjouwer wikkels mei nei alle gedachten harddrugs deryn.

De man waard oanhâlden en meinommen nei it buro. By de fûillearring fûnen de plysjes noch in wikkel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)