Skûtsjesilen fan start gien

17 apr 2010 - 13:31
  • Foto"s: Omrop Fryslân

De earste skûtsjesylwedstryd fan dit seizoen is fan start gien. Yn Langwar nimme 32 skûtsjes it sneon tsjinelkoar op yn ferskate klassen. Der mocht fan it SKS-bestjoer mar ien SKS-skûtsje oan 'e start ferskine. Skûtsjes fan dy float meie net oan allerhanne wedstriden meidwaan. Foar it Langwarster skûtsje hat it bestjoer foar dizze kear in útsûndering makke.

Der wurdt sneon syld yn twa pûles fan elk sechstjin dielnimmers. Snein nimme de bêste acht it tsjininoar op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)