Suwâldster rydt gefaarlik

17 apr 2010 - 12:52

In 24-jierrige automobilist út Suwâld moast freedtejûn syn rydbewiis ynleverje foar gefaarlik riden. De bestjoerder ried út 'e rjochting Ljouwert oer de Wergeasterdyk.

Ynienen ried er yn tsjinoerstelde rjochting de paralleldyk op en soarge dêr foar gefaarlike situaasjes. Twa tsjinlizzers koene noch mar krekt in frontale botsing foarkomme. De man is oanhâlden en hat proses-ferbaal krige. Syn rydbewiis koe er ôfjaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)