Fytser oanriden yn Harns

17 apr 2010 - 12:48

In 45-jierrige fytser út Harns is freedtemiddei op de Lange Lijnbaan yn syn eigen wenplak ferwûne rekke by in oanriding. In 25-jierrige automobilist út Ljouwert hie krekt in auto ynhelle doe't er de fytser midden op 'e dyk fytsen seach. Hy koe de fytser net mear ûntwike.

De fytser foel en is mei ferwûnings oan ûnder oare it gesicht oerbrocht nei it sikehús yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)