Die Twa heechste nijkommer

17 apr 2010 - 11:17
  • Die Twa

Die Twa binne op nûmer 22 binnenkaam yn de album-top-100. It debútalbum fan it Fryske sjongduo is dêrmei de heechste nijkommer fan 'e wike. De cd waard ferline wike freed presintearre yn in diskoteek yn Berltsum. Dêr kamen hast tûzen minsken op ôf.

It album fan Die Twa is it tredde Fryske album yn goed in moanne tiid dat heech yn 'e album-top-100 kaam. De cd's fan sjongeressen Elske DeWall en Country Wietske kamen earder binnen op de nûmers 18 en 28.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)