Trekkertraining nominearre

De kursus feilich trekkerride waard ôfwurke op grutte trekkers
De Fryske kursus feilich trekkerride is nominearre foar de nasjonale ferkearsfeilichheidspriis. Dizze nije priis is in inisjatyf fan it Ryk, Veilig Verkeer Nederland en de ANWB.
Oare nominearre projekten binne in Schoolfietsroute-onderzoek yn Súd-Hollân en it Verkeersmeldpunt rij-instructeurs. Demisjonêr minister Camiel Eurlings sil de priis kommende tongersdei útrikke.