PvdA:soargen oer basisskoallen

De Menno van Coehoernskoalle yn Ljouwert
De PvdA-fraksje yn Ljouwert makket him soargen oer it sluten fan twa skuollen yn de stêd. It giet om de Menno van Coehoornskoalle en de lokaasje Nijlân fan Het Palet. Underwiiskoepel Proloog wol de iepenbiere skoallen noch dit jier slute om jild te besparjen. Der soene te min bern opsitte.
De PvdA stelt fragen oan b. en w. Der soene neffens de fraksje ôfspraken makke wêze oer it opknappen fan 'e skoalle. Ek soe sluting betsjutte dat gesinnen út de wenwyk ferhúzje sille.