Boek oer Wûnsstelling klear

16 apr 2010 - 14:31

In earbetoan oan 17 sneuvele soldaten. Mei dy motivaasje dûkte skriuwer Jacob Topper yn 'e striid dy't Fryske soldaten oan it begjin fan de 2e wrâld oarloch leveren by de Wûnsstelling. De stelling moast de Dútsers by de Ofslútdyk weihâlde, mar de Dútsers brutsen der yn in dei trochhinne.

Nei ûndersyk fan Topper blykt dat dit net oan de ynstelling fan de soldaten lei, mar oan ûnderskatting troch it Nederlânske leger. Steatssiktaris Jack de Vries krige it earste eksimplaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)