FNP wol mear urnemuorren

16 apr 2010 - 11:51
  • It begraafplak fan Reduzum

Der moat yn de doarpen fan Boarnsterhim mear romte komme foar urnemuorren. Dat wol de riedsfraksje fan de FNP. Oant no ta hat de gemeente urnemuorren tastien yn Grou en Akkrum, mar ek oare doarpen hawwe ferlet fan in urnemuorre. Reduzum wol sa'n muorre op eigen kosten bouwe litte. De gemeente wol hjir lykwols net oan meiwurkje.

De FNP fynt dat ûnbegryplik en fynt dat inisjativen fan boargers krekt befoardere wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)