De Vries yn de Kazematten

It kazemattemuseum op Koarnwertersân bestiet no 25 jier
It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân hat freed steatssiktaris Jack de Vries op besite. Dat is omdat it museum it 25-jierrich bestean fiert. Neist De Vries binne ek kommissaris Jorritsma en in tal hege militêren oanwêzich.
Fanwege it jubileum wurdt ûnder oare in boek presintearre. Om ek de kommende 25 jier bestean te bliuwen wurdt de betonrot oanpakt dêr't it museum mei te krijen hat. Ek wol it museum by de plande oanpak fan de Ofslútdyk in bettere tagong krije.