De Haan krijt fyts Donner net

16 apr 2010 - 10:10

De âlde tsjinstfyts fan demisjonêr minister Donner giet net nei postboade Jelle de Haan út Ousternijegea. De postboade hie dêrom frege omdat syn eigen nei sa'n 25 jier oan ein is.

Yn in brief liet minister Donner witte dat de fyts yn eigendom fan it ministearje bliuwt omdat it in kado is dat djoerder as fyftich euro is. Postboade De Haan woe tagelyk de problemen by TNT Post oan de kaak stelle, omdat dêr't tûzenen banen skrast wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)