Unike motor stellen

16 apr 2010 - 10:03

De plysje siket minsken dy't sjoen ha dat yn Sniksweach in opfallende motor stellen is. It giet om in swarte Suzuki mei giele skokdempers en in goudkleurige stjoerstange. De tank is giel, grien en pears. De motor is nei alle gedachten ôfrûne woansdei tusken tsienen en healwei ienen stellen út in skuorre oan de Ljouwerter dyk.

In tsjûge seach dat in man mei de motor yn de rjochting fan De Jouwer ried. Minsken dy't wat sjoen hawwe, wurdt frege om de plysje te beljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)