Crone ferbiedt Tango-aksje

Boargemaster Crone fan Ljouwert ferbiedt de aksje fan Tango om sneon 24 april en sneon 1 maaie by de pomp oan de Tynjedyk yn Ljouwert benzine foar 20 sinten ûnder de gewoane priis te ferkeapjen.
De ferwachting is dat de tagongsdiken nei it tankstasjon op it Miroterrein folslein fêst komme te sitten troch alle automobilisten dy't op de aksje ôfkomme sille. Yn it gebiet sitte ferskate grutte winkels, dêr't op sneon altyd in soad folk op ôfkomt.