Akkoart Dong'diel tekene

16 apr 2010 - 07:55

It CDA, de FNP en de ChristenUnie yn Dongeradiel hawwe tongersdeitejûn it koalysjeakkoart ûndertekene. Yn it akkoart 'Wurkje oan de Takomst', hawwe de partijen harren spearpunten foar de kommende fjouwer jier fêstlein. Sa wolle se de leefberens yn de doarpen befoarderje en de wurkgelegenheid stimuleare. Fierder sette de partijen yn op in fúzje mei yn elts gefal Dantumadiel en binne se foar de komst fan in asylsikerssintrum yn de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)