M'diel wol prate oer Kúkshiem

Menameradiel wol mei wenningkorporaasje WoonFriesland om tafel om wer te praten oer de realisaasje fan de twadde faze fan it projekt Kúkshiem yn Dronryp. Dat sei wethâlder Pen tongersdei by de offisjele start fan de earste faze fan de bou fan it wen- en winkelkompleks.
WoonFriesland luts him earder dit jier ûnferwachts werom út it projekt fanwege besunigings. De gemeente wol prate mei WoonFriesland, mar ek mei de Wenningstichting.