Jongeren Comenius wer frij

15 apr 2010 - 19:56

De fjouwer jongeren dy't oppakt binne yn ferbân mei de stellerij op skoallemienskip Comenius sille foarearst frijlitten wurde. De jonges binne moandei oanhâlden om't se fertocht wurde fan it stellen fan flink wat jild op harren skoalle.

It soe mei-inoar gean om in pear tûzen euro. It OM woe de jonges 14 dagen langer fêsthâlde om te ûndersykjen oft se ek skuldich binne oan it ôfparsen fan oare skoalbern. De jongeren moatte wol beskikber bliuwe foar de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)