Waddengoud ek foar restaurants

15 apr 2010 - 19:35

It keurmerk Waddengoud foar duorsume streekprodukten út it waadgebiet, moat de kommende jierren folle bekender wurde by it grutte publyk. Om dat foar elkoar te krijen meitsje tenei ek hoarekabedriuwen en toeristyske bedriuwen kâns op dat keurmerk.

Troch it direkte kontakt mei de konsumint dat dizze bedriuwen hawwe soe de nammebekendheid tanimme moatte. Oant no ta waard it keurmerk benammen takend oan produsearjende bedriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)