Proef mei alkoholslot breder

It is de provinsje Fryslân oant no ta net slagge 25 proefpersonen te finen foar in test mei in alkoholslot yn har auto. De auto kin mei sa'n slot pas start wurde nei in blaastest. Te folle alkohol betsjut dat de auto net start. Nei 2,5 moanne hawwe har mar seis proefkninen meld. De proef wurdt dêrom útwreide nei fjouwer oare provinsjes.
De provinsje wol mei dizze proef utfine oft it yn de praktyk wurket. Betingst is wol dat de proefpersoanen wolris alkohol drinke.