Minder fytsen stellen

Yn Fryslân binne ferline jier goed 3300 fytsen stellen. Dat is in tredde minder as yn 2008. Yn Ljouwert is it tal stellerijen fan fytsen ferline jier mei de helte ôfnaam. Dat docht bliken út sifers fan de plysje.
De Fryske delgong komt oerien mei it lanlik byld, ek dat lit minder stellen fytsen sjen. Neffens de Fryske plysje is de oarsaak net dúdlik. It soe ûnder oare te krijen hawwe mei de maatregels dy't plysje en gemeenten naam hawwe tsjin fytsestellerij.