Net oefenje troch jiskewolk

De jiskewolk ferspriedt him oer Europa
De loftmachtoefening Frisian Flag is tongersdeitemiddei stillein yn ferbân mei de jiskewolk dy't feroarsake wurdt troch in fulkaanútbarsting op Yslân.
De jiske is net goed foar de motoaren fan de fleantugen. Dy kinne útfalle. Hoelang't de oefening stilleit, is net dúdlik. Tongersdei fan 19.00 oere ôf leit yn hiel yn hiel Nederlân it fleanferkear stil en is it loftrom ôfsletten.