Petear tusken De Korte en Eijk

15 apr 2010 - 11:32
  • Biskop De Korte sil mei de aarstbiskop prate

Tusken biskop Gerard de Korte fan it bisdom Grins-Ljouwert en aartsbiskop Eijk komt meikoarten in petear. De twa sille prate oer it mieningsferskil dat se ha oer lieten dy't songen wurde meie by de earetsjinsten.

De Korte hie yn in krante kommentaar op in beslút fan Eijk dêroer. Neffens De Korte hat it mieningsferskil ek te krijen mei eardere problemen tusken de twa. It petear sil hâlden wurde neidat aartsbiskop Eijk werom is fan in bûtenlânske reis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)