Twa deade lammen yn sleat

Yn in sleat oan De Klif by Grou binne woansdei twa deade lammen fûn. In foarbygonger seach de deade bisten lizzen en hat de plysje doe belle. It is ferbean om deade bisten samar ergens te dumpen. Se moatte oanmeld wurde by in destruksjebedriuw. Dat ferwurket de kadavers dan.
De deade lammen binne nei alle gedachten tusken tiisdeitejûn en woansdeitejûn seis oere yn de sleat smiten.