Das deariden by Eastermar

15 apr 2010 - 10:24
  • De deariden das by Eastermar

Op de Skulenboarchwei ûnder Eastermar is in das deariden. Meiwurkers fan Steatsboskbehear troffen it deade mantsje tongersdei oan. Yn it ferline stie it rôfdier op de saneamde reade list fan beskerme diersoarten. Sûnt in pear jier giet it lykwols wer better mei it bist en dûkt er op meardere plakken op.

Natoerleafhawwers sjogge der lykwols fan op dat it bist no yn de omkriten fan Eastermar oantroffen is. De das is troch Steatsboskbehear meinommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)