Krol as waarnimmer nei It Bilt

15 apr 2010 - 10:05

De gemeente It Bilt krijt tydlik Gerrit Krol as boargemaster. De âld-wethâlder fan Ljouwert begjint op 1 maaie as ferfanger fan Aucke van der Werff. Dy set dan as boargemaster fan de gemeente Noordoostpolder út ein.

De ferwachting is dat Gerrit Krol in healjier aktyf wêze sil op It Bilt. De proseduere foar it beneamen fan in fêste boargemaster begjint yn juny, de gemeenteried fan It Bilt bepaalt dan oan wat foar easken dy nije boargemaster foldwaan moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)