Friesland Bank makket winst

De Friesland Bank hat yn 2009 in nettowinst behelle fan 27 miljoen euro sa docht bliken út de jiersifers dy't tongersdei yn Oranjewâld bekend makke binne. Ferline jier hie de bank noch in ferlies fan 75 miljoen euro.
De winst is neffens de bank ta te skriuwen oan de tastream fan 13.500 nije klanten. It bankbedriuw profitearre fan hegere provyzje-ynkomsten en in taname fan it risseltaat út finansjele transaksjes.