Sân nije Poieszwinkels derby

14 apr 2010 - 21:32
  • Poiesz hat mei de oername no 58 winkels

Supermerkketen Poiesz krijt der sân nije winkels by. It giet om oername fan winkels dy't earder Super de Boer wiene. De winkels wurde as filiaal oernommen en ek alle personiel komt yn tsjinst fan Poiesz.

It giet yn Fryslân om winkels yn Easterwâlde en Warkum en bûten de provinsje om saken yn ûnder oare Bovensmilde en Staphorst. Mei de oername hat Poiesz no 58 supermerken yn Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)