65 jier befrijing Fryslân

De befrijing wurdt foar de 65e kear fierd
It is tongersdei 65 jier ferlyn dat Fryslân offisjeel befrijd waard. Dêr wurdt op in soad plakken by stil stien. Op it begraafplak yn Ljouwert wurdt tongersdeitemoarn in krâns lein troch skoalbern.
Yn Frjentsjer is freedtemoarn in krânslizzing. Dêr is ek fersetsstrider Wiebren van der Vaart (90) út Frjentsjer by. Hy is ien fan de minsken dy't de Kanadezen holpen hat by de befrijing fan Fryslân.