Sloop foar Cultureel Kwartier

14 apr 2010 - 17:00

De bou fan it Cultureel Kwartier yn Snits giet yn maaie los mei de sloop fan de besteande gebouwen. De gemeente moat foar de bou wol in berop dwaan op de algemiene reserves, mar dat jild floeit oan 'e ein fan it jier werom.

It Cultureel Kwartier oan de Westersingel en Kerkgracht kostet sa'n 2,9 miljoen euro. Deryn komme it teater en it poppoadium. De gunning foar de sloop is noch net rûn, mar neffens wethâlder Van den Broek komt dat wol goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)