Rampe-oefening op Noardsee

14 apr 2010 - 16:51

Op de Noardsee wie woansdei in grutte ynternasjonale rampe-oefening. Der waard neispile dat in skip oalje loasd hie. Oan de oefening diene ûnder oare Rykswettersteat, de Kustwacht en de kollega's út Dútslân en Denemarken mei. It 'ûngelok' wie ten noarden fan de Rottumerplaat bard. Yn plak fan echte oalje waard popcorn loasd.

Doel fan de oefening is om sa goed as mooglik op te treden by in echte oaljeramp op see. It draaide foaral om gearwurking en kommunikaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)