Te min staazjeplakken

14 apr 2010 - 15:40

Der driget in grut tekoart oan plakken foar de maatskiplike staazje. Fan 2011 ôf is de staazje ferplichte foar bern yn it fuortset ûnderwiis. Se moatte yn de oplieding tusken de 48 en 72 oeren frijwilligerswurk dwaan. Dat kin by in fersoargingstehûs, doarpshûs of tsjerke wêze.

Yn Fryslân giet it om 15.000 learlingen yn it jier dy't de staazje dwaan moatte. Der wurde noch ynstellings socht dy't frijwilligers oan wurk helpe kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)