Mear jongeren sûnder wurk

14 apr 2010 - 12:53

Sa'n 14 prosint fan de Fryske jongeren sit sûnder wurk. Dat docht bliken út sifers fan it UWV. Mei de 14 prosint dogge de Fryske jongeren it minder as it lanlik gemiddelde, dat leit op 12 prosint.

Earder waard al begûn mei maatregels om de jeugdwurkleazens tsjin te gean, dy maatregels sille de kommende tiid oanskerpe wurde. Neffens it UWV slute fraach en oanbod net op elkoar oan. Moandei is yn Drachten in banebeurs foar jongeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)