Jild foar greidefûgelbehear

14 apr 2010 - 12:24

De provinsje stelt opnij 60.000 euro beskikber foar greidefûgelbehear. Boeren kinne stipe krije as se nêsten en jonge greidfûgels beskermje foardat se op it lân oan it wurk geane.

De pot foar greidefûgels is bedoeld foar de beskerming fan skriezen, tsjirken, ljippen, strânljippen en ikkerfûgels sa as de ljurk. De fergoeding wurdt per nêst útbetelle. Op gerslân wurdt 60 euro foar in nêste útkeard, foar in nêst op maislân kin in boer 40 euro krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)