Famke oefent sûnder rydbewiis

14 apr 2010 - 11:28

De plysje hat tiisdeitejûn op de provinsjale dyk nei Boalsert in famke (18) út Boalsert fan de dyk helle. Se siet sûnder rydbewiis achter it stjoer fan in auto.

Njonken har siet in man dy't har it riden oan it learen wie. De man hie lykwols net it foech om dat te dwaan. It famke hat oer twa wiken eksamen en woe noch eefkes oefenje. Se hat in proses ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)