Mear toeristen moatte nei Grou

14 apr 2010 - 10:58

It toerismeburo Friesland-Holland besiket mear toeristen nei Grou te lûken. It buro is dwaande in kaart te meitsjen mei dêrop oantreklike saken foar toeristen yn it doarp. Neffens it buro bestiet der in negatyf byld fan Grou en moat dat trochbrutsen wurde.

Oant 1 april waard de promoasje fan Grou dien troch de VVV Mid-Fryslân, mar dy bestiet net mear. Friesland-Holland wol Grou ek noch op oare wizen promoatsje, plannen dêrfoar wurde noch makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)