Dronken manlju yn boukraan

Twa manlju út Ljouwert en it Grinslanner Eenrum binne tiisdeitenacht yn Ljouwert oanhâlden, omdat se yn in boukraan fan it nije provinsjehûs yn oanbou klommen wiene.
De kraan stie op in ôfsletten terrein oan de Oude Oosterstrjitte. Doe't de plysje harren oanhâlde soe, die bliken dat se tefolle dronken hiene. Omdat se dwers wiene by har oanhâlding, moasten se mei nei it buro. Nei ferhoar koene se wer nei hûs.